Ynformaasje oer Faksinaasje

16 desimber 2020: It Pfizer-koroana-faksin soe neffens sizzen njoggen op ’e tsien minsken beskermje tsjin Covid-19. De earste tsientûzen koroanafaksins binne yn Oss oankommen om dêr foarearst opslein te wurden. Letter folgje mear ferstjoeringen fan Pfizer oant in foarearstich totaal fan fjouwer miljoen doases. De faksins wurde dêr út de djipfries (minus 80 graden Celsius) helle om te ûntteien. 

It middel moat yn de orizjinele ferpakking bewarre wurde om foar te kommen dat it oan sinneljocht bleatsteld wurdt. It wurdt yn fiif net-fertinne doases it fleske ynferzen. Neidat it ûntteid is moat de dokter it sels mei in sâltoplossing minge en oer 5 à 6 poarsjes ferdiele. Dan binne de faksins noch fjouwer dagen te brûken, op betingst dat se bewarre wurde op in temperatuer fan tusken de 2 en 8 graden. Op keamer- en ynjeksjetemperatuer is it faksin twa oere hâldber. Wat oerbliuwt moat ferneatige wurde.

TRANSPORT

Ut Oss wei sille de faksins nei de faksinaasjesintra distribuearre wurde. De tige lege temperatuer is nedich om it produkt en syn wurking stabyl te hâlden. De kjeldline ûnder it transport fan bedriuw nei klant mei net ûnderbrutsen wurde.

Drûchiis foar transport

In oare mooglikheid om it koroanafaksin foldwaande te kuoljen is troch it brûken fan drûchiis dat in temperatuer fan −78 °C hat. Drûchiis wurdt ûnder mear brûkt yn de logistyk fan supermerken*) om rolkonteners te kuoljen. It bestiet út CO₂ yn fêste foarm dat stadich ferdampt. In neidiel dêrfan is dat de CO₂ der frij by komt. Boppedat is it proses op in stuit útwurke.

De earste faksinaasjes yn Nederlân foar it koroanafirus wurde yn trije fan de 25 GGD-priplokaasjes – Veghel, Houten en Rotterdam – tatsjinne.

03 jannewaris 2021: húsdokters krije ek prioriteit bij faksinaasjes

Húsdokters yn Nederlân sille ek mei prioriteit faksinearre wurde. Dat hat de Landelijke Huisartsen Vereniging sneintejûn bekendmakke. Wannear’t en hoe’t dat dien wurdt, moat takomme wike bekend wurde.

Rûnom bestiet betizing oer it swalkjende belied: LONDEN: Britske dokters stegerje no’t it regear yn Londen besleat om it faksinbelied te feroarjen. Om safolle mooglik in faksin jaan te kinnen is de twadde yninting – om maksimale striidberens te krijen – ferskood fan trije nei tolve wiken. It Pfizer-faksin moat presys trije wike nei de earste tatsjinning ynbrocht wurde, omdat de wurking in dy tiid bot efterútgiet oant nihil.

De beslissing soarget foar gaos yn dokterspraktiken, dêr’t it dochs al yngewikkelde faksinaasjeprogramma radikaal omgoaid wurde moat.

Neffens dokters jout it ek betizing en ûnrêst by de faak âldere Britten dy’t de ôfrûne wiken al in earste doasis fan it faksin tatsjinne krigen.

As earsten sille medisy yn sikehuzen en soarchmeiwurkers fan ferpleechhuzen in oprop krije foar it intsjen yn ien fan de tsien dêrfoar aanwiisde sikehuzen yn hiel Nederlân . Neidat dy yninte binne foarmje se in ôfskerming om de pasjinten en bewenners hinne. Der binne 30.000 faksins beskikber foar personiel op ambulânsen, de driuwende help en de ic- en covidôfdielingen yn de sikehuzen.

———————————————————-

De GGD ferwachtet wol twahûndert minsken nedich te hawwen om 225.000 soarchmeiwurkers yn seis wike tiid elkenien fan TWA faksinaasjes te foarsjen. As de rest fan Nederlân fan 15 jannewaris ôf oan bar komt, wit de GGD net hoe grut oft de opkomst wêze sil. Alinne troch fraach en oanbod goed opinoar ôf te stimmen, binne de ferliezen fan brukbare faksins minimaal.

Miljoenen minsken sille net nei sa’n sintrale lokaasje komme kinne. Foar harren wurdt in hús- of bedriuwsdokter ynskeakele. Registraasje en planning is dêr nei alle gedachten noch net foar regele. De feriening fan húsdokters LHV makke bekend dat húsdokters ek mei foarrang foar koroana faksinearre wurde sille. Wannear en hoe wurdt nei 04 jannewaris 2021 bekend makke.


02 jannewaris 2021: It kabinet hat besletten om as earsten de 30.000 meiwurkers yn de akute soarch ek te faksinearjen. Mar der is mear tiid nedich om ien en oar te organisearjen. Sikehuzen moatte no ynienen in plan útwurkje om sa gau mooglik te begjinnen).

Link nei dizze Fryske fariant —> bit.ly/38YQMNV

Naar de ABN-variant–> bit.ly/3hyJ5Cd